Partner

De Slachtemarathon is mei 15.000 dielnimmers ien fan de grutste sporteveneminten yn Nederlân, fuort nei de maratons fan Rotterdam en Amsterdam. It organisearjen fan sa’n grut evenemint kinne we allinnich mei tank oan de stipe fan ús partners, sponsoaren en fûnsen. 

Mei-inoar foar de Slachtemarathon 

We hechtsje út de Slachtemarathon wei in soad wearde oan in goede relaasje mei elkenien dy ’t de Slachtemarathon stipet. Oft it no finansjeel is of yn materialen en tsjinsten. Wy biede dêryn graach maatwurk. It betsjut dat we mei elkenien persoanlik it petear oan gean om yn goed oerlis te kommen ta in gearwurking dy ’t past by de Slachtemarathon en by dyn bedriuw / organisaasje. Benijd nei de mooglikheden? Nim dan kontakt op mei sponsoring@slachtemarathon.nl.

Bedriuwskaarten

It is ek mooglik om bedriuwskaarten ôf te nimmen. Mei bedriuwskaarten stimulearst dyn meiwurkers of saaklike netwurk om yn beweging te kommen. Mei it spesjale Slachtemarathon logoshirt bist as bedriuw boppedat sichtber by alle dielnimmers en taskôgers. As tank beneame wy dyn bedriuw yn ús kommunikaasje rûnom it evenemint. Benijd nei de mooglikheden? Nim dan kontakt op mei Ellen Schouten, inschrijven@slachtemarathon.nl

De Slachtemarathon kin net organisearre wurde sûnder de stipe út fûnsen en subsydzjes wei. Wy binne ûndersteande organisaasjes tige tankber foar harren bydragen.

De haadsponsor fan de Slachtemarathon

Partners fan de Slachtemarathon

Sponsoren

Kilometer sponsoren

Subidies en fondsen