Wy sykje frijwilligers!

De Slachtemarathon siket frijwilligers, of eins gasthearen / gastfroulju. De dielnimmers wurde dizze edysje mei bussen nei de start by de seedyk brocht. En no sykje wy minsken dy’t it leuk fine om moarns betiid mei te riden op dy bussen. Om de minsken wolkom te hjitten, miskien sa no en dan wat fragen te beantwurdzjen en om de bussjauffeurs sa no en dan de goeie ôfslach te wizen. Net alle bussjauffeurs komme út Fryslân en kinne wat kennis út Fryslân wol brûke. 😉
 
Wurktiden
De wurktiden binne fan 5 oere moarns oant ûngefear 10.30 oere.
Bist net echt in moarnminsk? Ek foar letter op de dei (fan 9.00 oant ûngefear 20.00 oere) sykje we noch in pear minsken dy’t helpe wolle mei bygelyks it útdielen fan dy moaie Slachtemarathonblokjes by de finish.
Oanmelde
Fynst it leuk om ús te helpen om de Slachtemarathon noch krekt in bytsje moaier te meitsjen? Meld dy dan oan fia info@slachtemarathon.nl. Op sneon 21 maaie om 11 oere ha we in ynformaasjegearkomste foar de frijwilligers. Yn Ljouwert, yn de Blokhuispoort (de âlde finzenis). Soe moai wêze at jim dêr by wêze kinne.