Slachtemarathon 2018: net ien mar twa dagen

 

Hjoed wie der in parsekonferinsje fan de Slachtemarathon. It bestjoer makke bekend dat de Slachtemarathon yn 2018 net ien mar twa dagen duorret en dat der – ienmalich – in spesjale rûte rûn wurdt. Yn 2018 is de Slachtemarathon dus ien kear in ekstra spesjale Slachtemarathon. It tema fan de 6e Slachtemarathon is: Thús. De 6e Slachtemarathon is op freed 31 augustus 2018 en sneon 1 septimber 2018.

Rûte: troch de doarpen

It parcours rint troch alle doarpen dy’t belutsen binne en dat betsjut dat der in ienmalige nije rûte is. Om’t dy langer is as de gebrûklike 42 kilometer, duorret de Slachtemarathon twa dagen en oernachtsje de dielnimmers ûnderweis yn in oantal doarpen. By minsken thús, op tydlike campings of  yn in stâl. De doarpen sette de doarren iepen en litte sjen wat sy yn hûs hawwe.

Thema: Thús!

It tema thús heart by de doarpen. Thús is in gefoel. It is persoanlik, mar kinst it ek diele mei oaren. It is in plak dêr’st dy feilich fielst, in plak dêr’st freonen en famylje útnûgest, in plak dy’t in part fan dyn identiteit is. It thúsgefoel is net allinnich opsluten yn de muorren, de daken of de meubels fan dyn hûs, mar is foaral ferankere yn dyn hert.