Oer de Slachte

Fan de seedyk by Easterbierrum oant yn it hert fan Fryslân yn Raerd, mjit de âlde Slachtedyk de ôfstân fan in maraton: goed 42 kilometer. Yn july 2000 waard yn it ramt fan Simmer 2000 foar it earst in maraton oer de âlde dyk hâlden: de Slachtemarathon. Sûnt dy tiid is it útgroeid ta in geweldige tradysje. Om de fjouwer jier set de Slachtemarathon kuierders en hurdrinners yn beweging. In grut evenemint dat minsken ferbynt mei-inoar, ús prachtige lânskip en ús lokale kultuer.

Rinne oer histoarje 

Iuwenlang beskerme de Slachte in flink part fan Noardwest-Fryslân tsjin it wetter. De bochtige Slachtedyk is no in byldbepalend kultuerhistoarysk elemint yn it lânskip. De Slachtemarathon is kuierje en drave oer histoarje. Dielnimmers wurde boppedat ûnderweis meinaam troch de kulturele etalaazje fan Fryslân. Se wurde ûnderweis ferrast mei byldzjende keunst, teäter, dûns en muzyk. De doarpen lâns de rûte spylje in wichtige rol yn de programmearring ûnderweis. Fansels is der ek romte en rêst om te genietsjen fan it prachtige lânskip.

6e edysje yn 2024 

De earste Slachtemarathon wie yn it jier 2000, en wie doe ûnderdiel fan Simmer 2000. Simmer 2000 wie in evenemint wêrby ‘t Friezen dy ‘t bûten Fryslân wennen útnûge waarden om nei it Heitelân werom te kommen foar in grutte reüny. De dêropfolgjende Slachtemarathons wiene yn 2004, 2008, 2012 en de lustrumedysje fan 2016. Spitigernôch koe de Slachtemarathon fanwegen de coronakrisis yn 2020 net trochgean. Op 15 juny 2024 is de earstfolgjende edysje fan de Slachtemarathon. De offisjele kaartferkeap set útein op 13 jannewaris 2024. Mis it net. Set it yn dyn aginda!

Wat Oars!

It tema fan 2024 is ‘Wat oars’. Dizze edysje wurdt dan ek krekt efkes wat oars. Njonken de tradisjonele 42 kilometer kuierje en drave, is der dit jier ek foar it earst in heale maraton hurdrinne en in estafette foar learlingen fan de basisskoallen oan de Slachterûte. De fokus leit dit jier op muzyk. Dêrmei sille we dit jier grut útpakke. Dêrneist komme ek de doarpen oan de rûte mei in programma fol spektakel dat dy ferrasse sil. De tariedings foar it programma binne yn folle gong. It wurdt eat om no alfêst nei út te sjen. Wy sette ús mei dit tema dan ek krêftich del. De Slachtemarathon: wat oars!

Hjir steane we foar:

  • De Slachtemarathon wol út beweging wei in beweging ta stân bringe wêrby ‘t we minsken ferbine mei-inoar, it lânskip en de lokale kultuer. We daagje elkenien út om mei te dwaan. Yn Fryslân en fier dêr bûten. 
  • Wy drage mei krêft, grutskens en benammen in soad wille út it klopjend hert fan de Slachtedoarpen wei it Fryske erfgoed út. Dêrmei jouwe we histoarje wer takomst! 
  • Lykas de Fryske Alvestêdetocht is de Slachtemarathon in ikoan yn Fryslân. Moatst der op syn minst 1x yn dyn libben by west ha! 
  • Elke kilometer kinst genietsje fan keunst, kultuer en it Fryske lânskip. Dêrmei wit de Slachtemarathon him te ûnderskieden fan oare maratons. 
  • Wy kieze der bewust foar om mar ien kear yn de fjouwer jier in Slachtemarathon oan te bieden. Dan pakke we ek grut út! Mis it net. Skriuw dy yn fan 13 jannewaris 2024 ôf.

Kom ek yn beweging! Lit fan no ôf oan safolle mooglik minsken witte dat der wer in Slachtemarathon oan komt. Folgje ús en diel ús berjochten op Facebook en Instagram en skriuw dy yn foar de Slachtemarathon nijsbrief. Dan bist altyd op de hichte fan it lêste nijs.