Sitte jim der klear foar?

Noch mar twa wiken en dan begjint de kaartferkeap foar de Slachtemarathon fan 2018 foar de Freonen. Op 23 septimber 2017 stipt om 06.00 oere sille we los. Net-Freonen kinne in wike letter op 30 september harren wekker betiid sette, want dan kinne ek sy fan 06.00 oere ôf bestelle.

Tarieding wichtich!

Lês de pagina ‘Meidwaan‘ goed troch. Dêr stiet yn wat we fan dy witte wolle en wêr’st in kar yn meitsje moatst. Bygelyks wêr’st sliepe wolst, hoe’st by de start komme wolst en foar wa ast allegearre noch mear kaarten bestelst. Ast dy goed tariedst, kinst flugger kaarten bestelle en dat skeelt in soad stress!

We sjogge der nei út!

Wij sjogge der nei út. Jimme ek?