Fakatuere projektlieder

Wurdsto de nije projektlieder fan de Slachtemarathon?

De Slachtemarathon is kuierje en drave oer histoarje. Fan de seedyk by Easterbierrum oant yn it hert fan Fryslân yn Raerd, mjit de âlde Slachtedyk de ôfstân fan in maraton: rom 42 kilometer. Yn july 2000 waard yn it ramt fan Simmer 2000 foar it earst in maraton oer de âlde dyk ferrûn: De Slachtemarathon. En dêrmei wie in tradysje berne. Ien kear yn de fjouwer jier is der in Slachtemarathon, foar kuierders én dravers.
De Slachtemarathon is lykwols mear as in gewoane maraton; it is in kulturele tocht, wêrby’t de 15.000 dielnimmers ûnderweis keunst, kultuer en muzyk tsjinkomme. Dit kulturele programma helpt harren op wei nei de finisj.

Dêrneist is de gearwurking mei de 22 doarpen oan de rûte tige wichtich. De doarpen foarmje in wêzentlik part yn de organisaasje fan de Slachtemarathon; yn de logistyk, yn it kultuerprogramma en by de catering fan de dielnimmers en publyk.

Foar de edysje fan 2020 (en mooglik fierder) siket de Stifting Slachtemarathon in projektlieder. Yn dy rol wurkest nau gear mei de artistyk lieder, it produksjeteam en de Slachtedoarpen. Leist ferantwurding ôf oan it bestjoer. It produksjeteam fan Slachtemarathon bestiet út freelancers. Ek de rol fan de projektlieder is op ZZP-basis en freget in ynset fan oer it gehiel sjoen sa’n 2 dagen wyks.

De projektlieder is (ein)ferantwurdlik foar:

  • de totale organisaasje fan de Slachtemarathon (mei wurksemheden delegearre oan de artistyk lieder, it produksjeteam en/of de doarpen)
  • de finansjes fan de Slachtemarathon (it opstellen fan de begrutting, de finansjele behearsking, it winnen fan fûnsen en sponsors, it útwreidzjen fan it saaklik netwurk fan de Slachtemarathon)
  • it belûken fan de doarpen by de Slachtemarathon
  • it oanstjoeren fan it produksjeteam fan de Slachtemarathon
  • de feiligens en it fergunningtrajekt foar de Slachtemarathon en de wurksemheden dy’t dêr by hearre

We freegje it folgjende fan ús nije projektlieder:

  • bist selsstannich ûndernimmer
  • hast op syn minst 4 jier oanwiisbere ûnderfining yn in soartgelykense rol/funksje
  • kinst Frysk ferstean, ast it ek noch praatst en skriuwst is dat in pree
  • hast ûnderfining mei community art projekten
  • hast in goed netwurk foar dizze funksje

De Stifting Slachtemarathon biedt:

  • in perioade fan ynwurkjen troch de hjoeddeistige projektlieder
  • in ynwurke produksjeteam mei de nedige ûnderfining
  • in honorarium foar dyn wurksemheden

Reaksjes op dizze fakatuere kinst foar 5 desimber stjoere nei info@slachtemarathon.nl. Dyn reaksje bestiet út in motivaasje en in CV. De earste petearen binne tusken 7 en 15 desimber. Mooglike twadde petearen wurde pland yn de wike fan 17 desimber. Wy ferwachtsje datst fan 1 febrewaris 2019 ôf beskikber bist.

Foar mear ynformaasje oer dizze fakatuere kinst kontakt sykje mei bestjoersfoarsitter Anne Jochum de Vries, troch annejochum@slachtemarathon.nl.