No ek 1-daagse kaarten foar de Slachtemarathon 2018

2018 belooft in bysûnder jier te wurden. Yn dat jier binne Ljouwert en Fryslân Kulturele Haadstêd fan Europa. Gewoanwei wie 2018 gjin Slachtemarathonjier, mar tegearre mei de doarpen fûnen wy dat de Slachtemarathon net ûntbrekke mei takom jier. Mar dan wol oars as oars. Dêrom betochten we in Slachtemarathon mei in oare opset en in oare rûte; een Slachtemarathon fan twa dagen troch alle 30 belutsen doarpen, oer 92 kilometer.

 

In soad fan jim hawwe kaarten besteld foar dizze bysûndere edysje. Dêrneist hearden we ek dat in soad minsken de ôfstân fan 92 kilometer te fier fine, mar wol hiel graach dizze bysûndere Slachtemarathon rinne wolle. En dêr harkje we graach nei. Dêrom meitsje we it mooglik om foar de Slachtemarathon 2018 ek 1-daagse kaarten te bestellen. De ôfstân is dan 42 km. De 2-daagse kaarten bliuwe fansels ek beskikber, foar wa’t de prachtige lange rûte rinnewol en fan it folsleine programma genietsje wol.

 

De kaartferkeap foar de 1-daagse begjint foar Freonen op sneon 9 desimber 2017 om 06.00 oere fia de website. Foar net-Freonen begjint de kaartverkeap op sneon 16 desimber 2017 om 06.00 oere.

 

Lês meer over de 1-daagse kaarten

Lês meer over de 2-daagse kaarten