Nije rûte yn de app

Der stiet wer in nije oefenrûte yn de app. De rûte rint troch Gaasterlân en is ûngefear 23 km.  Gaasterlân is ien fan de meast ôfwikseljende gebieten fan Fryslân. Bosken, prachtige fiersichten, de Iselmar, binnen- en bûtendykse polders en unike natuergebieten. It is in gloaiend lânskip tusken de Iselmarkust – mei de ûnnederlânske kliffen – en de Fryske marren.

Let op! We wurkje op dit stuit oan in update fan de app. It kin dus wêze dat de oanwizings en de ôfstân dy’t jim rûn ha net (hielendal) goed wurkje. De rûte is wol te sjen en ek wêr’t je rinne, dus ferdwale slagget net. As jim tips ha of ynput foar de update, dan hearre we dat graach op info@slachtemarathon.nl.