Graach oant yn 2018!

Wat in soad reaksjes hawwe wy krigen fia de mail, sosjale media of persoanlik. We binne der suver stil fan. Tank dêrfoar.
Jim ferbettersuggestjes nimme we allegearre mei yn de evaulaasje. We binne ek bliid mei de geweldich entûsjaste berjochten oer jim erfaringen. Ut alles docht bliken dat jimme de ynset fan de frijwilligers yn de doarpen en lâns de rûte hiel heech hawwe. Dêr binne wy wiis mei, want de Slachtemarathon is mooglik troch harren ynset. Mear as in jier hawwe wy mei ús allen dwaande west om der in feestje fan te meitsjen.
 
Foar wa’t noch langer neigenietsje wol: op ús website (www.slachtemarathon.frl) steane ûnder foto’s en fideo’s ferskate links nei foto’s en fideo’s dy’t sneon makke binne. Bygelyks nei de startfideo’s fan de kuierders.
 
Graach oant yn 2018!