Gjin Slachtemarathon 2018, mar fansels yn 2020 wol wer in ‘gewoane’ edysje

It idee foar de alternative Slachtemarathon waard oer it generaal posityf ûntfongen. Spitigernôch hat dat net resultearre yn in grutte kaartferkeap. De organisaasje hat dan ek – yn oerlis ûnder mear de doarpen – beslute moatten om gjin Slachtemarathon 2018 te organisearjen. It dielnimmersfjild soe te lyts wurde wêze. Dat is fansels tige spitich, mar we sjogge fuordaliks al wer foarút. Dêrom binne we bliid dat we bekend meitsje kinne dat de earstfolgjende Slachtemarathon plakfynt op sneon 13 juny 2020. In gewoane Slachtemarathon, oer de Slachtedyk, fan Raerd nei Easterbierrum.

Tank!

We fine it tige spitich dat der gjin Slachtemarathon is yn 2018. Krekt lykas jim wierskynlik. Want litte we net ferjitte dat ek in soad minsken graach dizze bysûndere edysje yn dit bysûndere jier meimeitsje woene. Tank foar it bestellen fan kaarten! De doarpen, keunstners, sponsoaren, leveransiers, produksjeteam en bestjoer: mei elkoar hawwe we der alles oan dien om it wol mooglik te meitsjen.

Praktyske saken: werombetelling

Hast kaarten besteld? We sille it ynskriuwjild datst betelle hast fansels weromstoarte op dyn rekken. We binne drok dwaande mei alle tariedings dêrfoar. Uterlik ein febrewaris stiet it bedrach datst betelle hast wer op de rekken wêr’st wei betelle hast of stoarte we it werom nei credit card. It giet dus om it totale bedrach. Dus ek ast shirts of hoodies meibesteld hast of in ekstra nacht op de camping boekt hast, krijst dat jild werom. Dêr hoechst neat foar te dwaan.

Folgjende Slachtemarathon: 13 juny 2020

Op 13 juny 2020 is dus de folgjende Slachtemarathon! En hoewol’t it noch efkes duorret, kinst alfêst de data fan de kaartferkeap yn dyn aginda sette. Foar Freonen begjint dy op 25 jannewaris 2020 en foar alle oaren op 1 febrewaris 2020.

Ta beslút

Nochris, we fine it tige spitich dat der gjin Slachtemarathon is in dit prachtige kulturele jier. Mar dêryn leit ek fuortdaliks de treast. Want op kultureel mêd is der safolle te dwaan dit jier, dat we ús net hoege te ferfelen. Sjoch mar ris op 2018.nl. We moetsje elkoar grif op oare plakken yn de provinsje dit jier.

 

Bestjoer en produksjeteam Slachtemarathon