FAQ’s

Hjirûnder steane de meast stelde fragen en fansels de antwurden dêr op. Stiet dyn fraach der net tusken? Sjoch dan ris op ús Facebookside of mail nei info@slachtemarathon.nl. We sette der ek regelmjittich nije fragen by dy't in soad steld wurde.

Wêrom giet de Slachtemarathon 2018 net troch?

It idee foar de alternative Slachtemarathon waard oer it generaal posityf ûntfongen. Spitigernôch hat dat net resultearre yn in grutte kaartferkeap. De organisaasje hat dan ek - yn oerlis ûnder mear de doarpen - beslute moatten om gjin Slachtemarathon 2018 te organisearjen. It dielnimmersfjild soe te lyts wurde wêze. Dat is fansels tige spitich, mar we sjogge fuordaliks al wer foarút. Dêrom binne we bliid dat we bekend meitsje kinne dat de earstfolgjende Slachtemarathon plakfynt op sneon 13 juny 2020. In gewoane Slachtemarathon, oer de Slachtedyk, fan Raerd nei Easterbierrum.

Wannear krij ik myn jild werom?

We binne tige wiis mei alle minsken dy’t tegearre mei ús it aventoer fan dizze bysûndere edysje oangien woene. Fansels soargje we der foar dat jim it jild sa gau as mooglik werom krije! We binne drok dwaande mei de tariedings dêrfoar. Uterlik ein febrewaris stiet it folsleine bedrach wer op dyn rekken of op dyn credit card-account. Dêr hoechst neat foar te dwaan.

Is der foar Freonen wol in Freonekuier yn 2018?

Ja, de kommende simmer is der in Freonekuier. Freonen krije dêr fansels in útnûging foar.

Wannear begjint de kaartferkeap fan de 2020-edysje?

De kaartferkeap begjint op 1 febrewaris 2020. Freonen kinne al op 25 jannewaris 2020 kaarten keapje.

Wannear is de folgjende Slachtemarathon?

De folgjende edysje fan de Slachtemarathon is op 13 juny 2020. Dat is in gewoane edysje dy’t rint fan Raerd nei Easterbierrum.

Der is my tasein dat ik in trui, shirt of dielnimmerskaart krije soe, krij ik dy noch?

Fansels komme we dy belofte nei en krijst foar de folgjende edysje fan de 2020 noch dyn trui, shirt of kaart. Natuurlijk komen we deze belofte na en ontvang je voor de volgende editie van 2020 alsnog je trui, shirt of kaart.