De alderearste “Mei rinne mei Martsen” floch, ôflevering – Parsekonferinsje

Mei rinne mei Martsen is in moanlikse floch, makke troch (do riidst it al) Martsen! Se belibbet alle moannen foar ôfgeande de slachte, nije avontoeren. Dizze moanne is Martsen oanwêzich by de ôftraap, krekt in jier foar de slachtemarathon op 15 juny 2024.

Fynst it leuk om eltse moanne de floch te folgjen? Folgje ús dan op facebook of op Instagram.  

 


Skruiw dy of jim no yn as kultuurmakker(s) foar de slachtemarathon

Soest do of jim it leuk fine om tiidens de slachtemarathon de rinners oan te moedigjen mei dyn of jim (musikale) optreden? Folje dan it ûndersteande formulier yn. Wij nimme op in letter momint kontakt mei dy op oer de ynfulling.

Skruiw dy hjir yn

Freonekuier en -rin 2023

Doch ek mei! Sneon 10 juny is it wer tiid foar de Freonekuier. Alle jierren sûnder De Slachte organisearje wy foar ús Freonen in unike kuiertocht fan 17,95 kilometer. En nei de primeur fan ferline jier organisearje we ek foar dit jier foar de dravers in Freonerin fan 11,8 kilometer. In moaie opwaarmer foar De Slachte yn 2024. Dielnimme as Freon is fergees.

Doch ek mei!

In Freonekuier of Freonerin stiet yn it teken fan bewegen, muzyk en geselligens. Dus nim dyn rin- of draafmaat mei. Se hoege allinnich efkes Freon te wurden as se dat noch net binne.

Wannear? sneon 10 juny 2023
Start: 10.30 uur dravers, 12.00 oere rinners
Oanwêzich: 30 minuten foar de start
Lokaasje: yn de omjouwing fan Seisbierrum
Ofstân: 11,8 km drave of 17,95 km kuierje
Tagong: Fergees, allinich foar freonen. Der is beheind plak, dus meld dy gau oan!
Ynskriuwe: oant 15 maaie 2023

De Slachtemarathon docht in berop op jim as ‘meitinkers’!

Wy as bestjoer, meiwurkers en organisearjende doarpen fine dat de Slachtemarathon in bysûnder Frysk evenemint is. In maraton ûntstien yn de Simmer 2000-simmer en no, 5 edysjes fierder, ûnderdiel fan in rike Fryske sport- en kultuertradysje. Net samar in maraton, mar in kuier mei in siel en mei ferhalen.

De Slachtemarathon wol der wêze foar in breed publyk. We wolle graach foarút sjen om de Slachtemarathon ek yn de takomst in plak te jaan yn Fryslân. Wy wolle jo freegje ús dêrby te helpen.

Wolle jimme ús Slachtemarathon-enkête ynfolje?
Wy hawwe studinten fan NHL Stenden frege ûndersyk te dwaan nei hoe’t jim de takomst fan de Slachtemarathon sjen wolle soenen. De studinten hawwe ûndersteande enkête makke. It ynfoljen kostet heechút fiif minuten en hjirmei kinne wy meiïnoar de Slachtemarathon foarút helpe. Kinst de enkête oant en mei 24 maart ynfolje. Tige tank yn ’t foar, foar jim muoite en tiid.

 

Mei freonlike groetnis,
út namme fan it bestjoer fan de Slachtemarathon,

Anne Jochum de Vries
Foarsitter

 

Gjin Slachtemarathon 2021, op nei de takomst

Der komt gjin Slachtemarathon yn 2021. Foarsitter Anne Jochum de Vries: “It is gewoanwei net mooglik om yn 2021 in Slachtemarathon te organisearjen. Dan hiene we op syn lêst in pear moanne lyn al útein sette moatten mei de organisaasje. En sa as we allegearre witte is it noch ûnwis hoe’t it komt mei alle maatregels.” Mar de organisaasje sit net stil, dy rjochtet it fizier op de takomst en sil ûndersyk dwaan nei dy takomst.

 

In protte feroare

“Tweintich jier en fiif edysjes fierder is der in protte feroare”, fertelt De Vries fierder. “De rinners fan 2000 binne âlder wurden, de winsken fan rinners en nije rinners binne feroare. Tagelyk freget it organisearjen fan sa’n grut evenemint as de Slachtemarathon hieltyd mear. De wurde oare easken steld as yn 2000. Dit is dan ek in goed momint om werom, mar foaral ek foarút te sjen. We sille yn petear mei de minsken, doarpen en organisaasjes dy’t belutsen binne, mei de rinners, mar ek mei de groep minsken dy’t we noch net moetsje by de Slachtemarathon.” Dat proses sil de kommende moannen plakfine, foar safier’t dat kin mei de maatregels dy’t der no binne.

 

De folgjende Slachtemarathon

It is noch net dúdlik wannear’t de folgjende Slachtemarathon is. “We binne benijd wat dit ûndersyk opsmyt. De Slachtemarathon is en bliuwt in ikoanysk evenemint foar Fryslân en hat foar in protte minsken in grutte wearde. Dêr meie we mei inoar grutsk op wêze en dêr moatte we mei inoar goed op passe. Mei dit ûndersyk witte we hoe’t we dat aanst sa goed mooglik dwaan kinne.”

Ynskriuwe foar muzyk net mear mooglik

In hiel soad korpsen, koaren en andere muzikanten hawwe har al oanmelden om op de rûte de dielnimmers te fermeitsjen. Safolle sels, dat der genôch binne en datst dy dêr net mear foar oanmelde kinst. Tankewol foar jim entûsjasme!
Kinst fansels noch wol sels meikuierje of meidrave en zelf genieten van alle mooie muziek en oare kulturele traktaasjes. Dêr kinst dy noch wol foar ynskriuwe.

Slachtemarathon iepenet lytste kaartferkeapsintrum fan ‘e wrâld

Neist dat de kaarten foar de Slachtemarathon sneontemoarn 18 jannewaris fan 06.00 oere ôf te keap binne op de webside fan de Slachtemarathon, iepent de organisaasje dy dei ek in ‘echt’ kaartferkeappunt. It is it lytste kaartferkeapsintrum fan ‘e wrâld en it stiet op it plak dêr’t de Slachtemarathon yn 2020 har finish hat: op hichte fan Slachte 12 by Easterbierrum.

It fysike kaartferkeappunt iepent op sneon 18 jannewaris om 05.45 oere. In kertier earder dus as de kaartferkeap op de webside úteinset. “It past by de Slachtemarathon om ek persoanlik in kaartsje keapje te kinnen”, seit artistyk lieder Marten Winters.

De Slachtemarathon is dit jier op sneon 13 juny. Der binne 13.500 kaarten beskikber foar kuierders en 1.750 foar hurddravers. Dêrfan binne yn de foarferkeap foar Freonen fan de Slachtemarathon ôfrûne wike al kaarten ferkocht. Wa’t sneontemoarn de kaarten yn Easterbierrum keapje wol, kin it bêste goeie klean en tichte skuon oandwaan. De earste leafhawwers leinen woansdeitejûn al yn ‘e rige.

(foto: Henk Bootsma)

Ynformaasje oer de kaartferkeap

We hawwe alle ynformaasje dyt’st nedich hast foar de kaartferkeap foar dy op in rychje setten. Lês dizze ynformaasje even goed troch, dan begjinst goed oan de ynskriuwing foar de Slachtemarathon.

De kaartferkeap set útein op sneon 18 jannewaris 2020 om 06.00 oere.
Freonen hawwe foarrang op de kaartferkeap en meie in wike earder bestelle: sneon 11 jannewaris 2020 om 6.00 oere.

Fynst de ynformaasje ûnder de knop ‘info wandelen’ op de foarpagina fan ús webside.

 

Hast in fraach oer de kaartferkeap?

Hast in fraach oer de kaartferkeap? Lês dan earst goed de ynformaasje troch oer de kaartferkeap fia dizze link. Grutte kâns dat it antwurd op dyn fraach der tusken stiet.

Dochs noch gjin antwurd op dyn fraach? Sjoch dan oft de ynformaasje by de ‘veel gestelde vragen’ stiet. Hast dan noch altyd dyn antwurd net fûn? Dan kinst fia Facebook dyn fraach oan ús stelle of in mail stjoere nei info@slachtemarathon.nl.

Ik wit myn Freonennûmer net.

Ast Freon bist fan de Slachtemarathon en gebrûk meitsje wolst fan de mooglikheid om in wike earder kaarten te bestellen as de reguliere kaartferkeap, dan hast dyn Freonennûmer nedich. Dat Freonennûmer kinst fine op dyn bankôfskrift of by it online bankieren by de ôfskriuwing fna de Freonenbijdrage oan de Slachtemarathon (automatyske ôfskriuwing). Dat bedrach is yn desimber 2019 ôfskreaun of – ast letter yn dat jier Freon wurden bist – yn desimber 2019.