Artikelen door bastiaan

Socht: sjueryleden!

Wy sykje sjueryleden dy’t de ideeën fan studinten fan ROC Friese Poort beoardielje wolle. Sy hawwe – ynspirearre troch Jean Tinguely – betocht hoe’t de wettertaappunten lâns de Slachtedyk der ut sjogge.

Slachtemarathon 2018: net ien mar twa dagen

  Hjoed wie der in parsekonferinsje fan de Slachtemarathon. It bestjoer makke bekend dat de Slachtemarathon yn 2018 net ien mar twa dagen duorret en dat der – ienmalich – in spesjale rûte rûn wurdt. Yn 2018 is de Slachtemarathon dus ien kear in ekstra spesjale Slachtemarathon. It tema fan de 6e Slachtemarathon is: Thús. […]

Graach oant yn 2018!

Tige tank foar alle reaksjes! We nimme de ferbetterpunten mei yn de evaluaasje en binne ûnder de yndruk fan de entûsjaste reaksjes. Graach oant yn 2018!

Wy sykje frijwilligers!

De Slachtemarathon siket frijwiligers! U.o. om mei te riden op de bussen dy’t de dielnimmers nei de start oan de seedyk, mar ek om de ferneamde Slachtemarathonblokjes út te dielen by de finish.

Update oer kaarten, bustiden en starttiden

Alle bustiden en der dêrby hearende starttiden foar de kuierders binne beskikber op ynskriuwnûmer. Dat nûmer fine jo op it bankôfskrift by de ôfskriuwing foar de kaarten en begint mei in A. De tiden voor de dravers binne ek bekend.

Nije rûte yn de app

Der stiet wer in nije oefenrûte yn de app. De rûte rint troch Gaasterlân en is ûngefear 23 km. Let op! We wurkje oan in update fan de app, dus it is mooglik dat net alle funksjonaliteiten hielendal goed wurkje.

Wy sykje muzyk (diel 2)

By de eardere edysjes fan de Slachtemarathon koe elk korps of elke muzykgroep him yndividueel oanmelde foar in plakje lâns de rûte. In hiel soad muzikanten hawwe dat ek al dien en dêr binne we hiel bliid mei! Dit jier wolle we lykwols de muzykprogrammearring krekt wat oars foarm jaan.