
De Slachtemarathon nimt de dielnimmers mei oer twa brêgen: de Nije Kromme by Wommels en de Slachtetille by Hjerbeam.
De Slachte is yn it ferline in oantal kearen wreed trochbrutsen. Tusken Wommels en Boalsert troch in twabaansdyk en tusken Frjentsjer en Harns troch in fjouwerbaansdyk. Nimmen kin him in publike diskusje betinke, om dat te foarkommen. Dat kloppet: dy diskusje hat der ek net west. En sadwaande is der nea praat oer alternativen: oer de Slachte hinne, of der ûnder troch. En sa waard de skeppe yn ‘e Slachtedyk set.
De earste Slachtebrêge by Wommels: De Nije Kromme
Underwilens hat de Slachte troch har skientme de tiid trochstien en is de dyk op ‘e nij troch in grut publyk ûntdutsen. Sadwaande kaam der genôch (polityk) draachflak om dat wat skansearre wie te meitsjen. By Wommels kaam in brêge oer de Slachte: de Nije Kromme. De kuierders yn 2000 waarden om sa mar te sizzen oer de dyk tild en seagen del op it ferkear ûnder har.
De twadde Slachtebrêge by Hjerbeam: De Slachtetille
Om de lêste bresse te tichtsjen yn de histoaryske Slachtedyk, wie de oanlis fan in brêge oer de A31 de iennige oplossing. Nei jierren fan oerlis, gerekken en gepuzzel is it einlings safier: it lêste obstakel yn de Slachtemarathon is oanpakt, de brêge oer de A31 is boud: De Slachtetille.