
Freonen fan de Slachtemarathon hawwe hert foar de dyk en de marathon.
De Slachtemaraton is mear as ‘allinne’ in kuiertocht mei in atletykwedstriid. De Slachte is in kultuerhistoarysk monumint mei grut berik, en fan elemintêr histoarysk belang.
De geve dyk fertsjinnet mear as ienris yn de fjouwer jier massale, waarme belangstelling yn in kultureel sportyf evenemint. Nei ieuwen trouwe tsjinst komt de Slachte in kring fan minsken ta, dy’t om de dyk jouwe. In kollektyf fan dykoppassers, dat de Slachte geregeld besiket en belangstelling toant. Minsken dy’t yn tiden fan need op de bres steane, dy’t mei-inoar in konstante foarmje foar it hoedzjen fan de Slachte. Dêrom biede wy de mooglikheid om Freon fan de Slachte te wurden.
Freon wurde van de Stichting Slachtemarathon?
As Freon fan de Slachte drage jo by oan it wolbefinen fan de Slachte én oan de organisaasjekosten fan de Slachtemarathon. De Slachtemarathon is wiis mei har Freonen en jout harren dêrom de mooglikheid earder (fan 9 jannewaris ôf) kaarten te keapjen foar de Slachtemarathon fan 2012, dêr’t sy as Freon sels in startgroep fan harren foarkar oanjaan kinne. Boppedat ynformearje wy de Freonen mei regelmaat oer de Slachte en de Slachtemaraton troch nijsbrieven en oare passende aktiviteiten. Ek wurde sy útnoege foar de jierlikse Freonenkuier.
Op dit stuit is it net mear mooglik jo oan te melden as Freon foar de Slachtemarathon 2012. Nei de edysje fan 2012 is der wer mooglikheid Freon te wurden foar de folgjende edysje.
Ynformaasje