home > actueel klik voor vergroting
 
Slachte 2012: fan Raerd nei Easterbierrum
geplaatst op: 23/06/2009
It bestjoer fan de Slachtemarathon hat besletten dat de Slachtemarathon fan 20120 rint fan Raerd nei Easterbierrum. Sa’t bekind is, hat de ôfrûne trije kear it finishplak fan de Slachtemarathon hieltyd wiksele: yn 2000 de finish yn Raerd, yn 2004 oan de seedyk by Easterbierrum en ferline jier wer yn Raerd. Besletten is no dat de finish yn 2012 wer leit yn Easterbierrum.  

It bestjoer hat oerlis hân mei de doarpen oan de rûte en mei Easterbierrum oer de knipepunten fan en mooglike oplossings foar in finish by Easterbierrum. It bestjoer is posityf oer de oplossing fan Easterbierrum en hat dêrom besletten om de rûte fan de Slachtemarathon wer om te draaien, sadat der yn 2012 rûn wurdt fan Raerd nei Easterbierrum.  

Omdat de romte by de seedyk te lyts is foar in goeie finish, goeie oanfier foar de besiker én goeie ôffier fan de kuierders, wurdt de finish krekt wat nei foaren helle (Hoarnestreek). Dêr is romte genôch foar in goeie finish, mei genôch foarsjennings foar besikers, kuierders, helptsjinsten en bussen. Ek hat Easterbierrum neitocht oer de oanklaaiing fan it lêste keale stik kuierjen en is dêrfoar mei goeie opsjes kaam. Foar it bestjoer wiene de logistike foarsjennings foar de kuierders (en besikers) lykwols it grutste knipepunt. No’t dêr oplossings foar fûn binne, is it bestjoer ienridich yn har beslissing om de finishstreep yn 2012 by Easterbierrum te lizzen!


< terug naar nieuwsberichten


contact informatie / kontakt ynformaasje