
(Ned) By hiel de Slachtedyk del fine de rinners frisismen dy’t Praat mar Frysk harren graach meijaan wol. As ‘aantruiner’ tidens dy ‘verscheurend’ swiere tocht. En ek by de finish binne sy der. Net sûnder de Praatpeal fansels.
Hast dy ûnderweis ferstapt, siet dy wat dwers, hast in moaie anekdoate fan de tocht of wolst dyn rinpartner in leafdesoansyk dwaan? It boadskip wurdt opnommen en nei de website www.praatmarfrysk.nl stjoerd. Dêr kinne de rinners harsels in pear dagen letter weromsjen.
Praat mar Frysk is in inisjatyf fan de Afûk. De kampanje hat as doel om de Friezen mear bewust te meitsjen fan harren eigen taal en de mearwearde dêrfan.